|
 |
Wolkom op de website fan Bornmeer
Bornmeer is in algemiene útjouwer, dy’t fęstige is yn Fryslân, en sawol Nederlânske as Fryske boeken útjout. By Bornmeer ferskine sawat 50 titels it jier. De útjouwerij űnderskiedet him troch kwaliteit en eigensinnichheid.
Op dizze website kinne jo ús boeken bestelle en ynformaasje fine oer ús útjeften en oer ús skriuwers.
Alle boeken binne ek te keap fia de boekhannel.
|
|
|
|
|
|

|
|
Boeken oer Fryslân, Fryske literatuer, Fryske berneboeken, de Alvestędetocht
|
|
|
|
|
|

|
|
Boeken oer de minske en de natuer – oer aaisykjen, kij, fűgels en it boerebedriuw
|
|
|
|
|
|

|
|
Teksten fan en oer filosofen, útjeften fan klassiken yn it Fryske en it Nederlânsk, Nijntje yn it Latyn, Orientaalske Bibliotheek
|
|
|
|
|
|
|
 |
|
|
Halbertsmapriis foar Oebele Vries
Deputearre Steaten fan Fryslan hawwe de dr. Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk yn Fryslân 2009 takend oan Oebele Vries. Oebele Vries kriget de priis foar syn hiele wittenskiplike wurk op it męd fan Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Aldfryske filology.
De Halbertsmapriis wurdt ienris yn ‘e trije jier takend en is bedoeld foar wittenskiplik wurk oer Fryslân op it męd fan skiednis, taal- en literatuerwittenskip en sosjale wittenskippen. De priis wurdt takend foar ien wurk, mar kin ek takend wurde foar in hiel oeuvre. De priis bestiet út in bedrach fan € 4.000,- en in oantinken.
Oebele Vries syn publikaasjes kippe derút troch in kombinaasje fan yngeand boarneűndersyk, in tige hoedene ynterpretaasje dęrfan en in kleare, tagonklike en meinimmende skriuwstyl.
De priisútrikking troch kultuerdeputearre Jannewietske de Vries sil węze op 10 desimber 2009 yn de Sint Piter Tsjerke yn Grou. Dan sil ek it sjueryrapport buorkundich makke wurde.
Deputearre Steaten wurdt oer de takenning fan de Halbertsmapriis advisearre troch in advyskommisje. De advyskommisje fan 2009 bestiet út:
- Jarich Hoekstra. Taalkundige oan de universiteit fan Kiel. Hoekstra docht űndersyk
op it męd fan it Noardfrysk,
- Hanno Brand. Sűnt 2009 is er űndersiker en haad fan de ôfdieling Skiednis by de Fryske
Akademy
- Henk Folmer, wittenskipper oan de universiteiten fan Grins en Wageningen.
Oebele Vries is dosint Aldfrysk oan de RUG yn Grins. Hy publiseaarre by Bornmeer "Asega, is het dingtijd?" "Boer Feitsma" oer in NSB-boargemaster en "Bernardus Bucho van Aytta - vorstendienaar in priesterhabijt".
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
 |
top 10 |
 |
|
|
|
|
Copyright © 2010, Digipresent. Alle rights included
|
|