Fallend ljocht

Eppie Dam

€15,00

Beschikbaar

ISBN: 9789056154288. Bindwijze: Paperback Taal: Frysk Pagina's: 80 Auteur: Eppie Dam Categorieën: , .

Beschrijving

Twadde printinge 2017

der siet al kop yn myn gedichten
doe’t de holle noch gjin punt wie
as wie ik harsenûnnoazel
en koe ik it broaze
fan tinken wol ha

Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen, en tagelyk fan in wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy’t spoaren neilieten, en de nammen dy’t him berikten yn wite keferten. ‘De dood is reusachtig en onbegrijpelijk’, dichte Csezlaw Milosz yn syn Theologisch traktaat, dêr’t Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.

(…) al krûpend witst dyn doel al,
eagen op stâltsjes, de stikeme noas
fan de lânferkenner –
en as ik even net sjoch, bist fierder as ik tocht.

(út ‘Oan de slak yn myn tún’)


Extra informatie
Bindwijze

Paperback

Taal

Frysk

Pagina's

80

Auteur

Eppie Dam