0

Geen producten in je winkelmand.

Bornmeer titels op longlist Gysbert Japicxpriis 2015

Twa titels dy’t by Bornmeer ferskynd binne, ha de longlist fan de Gysbert Japicxpriis 2015 helle: It libben fan in oar fan Jetske Bilker en Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra.

Yn de foarbije moannen hat de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 alles lêzen wat der yn it tiidrek 2011-2014 oan Frysk proaza (fiksje en non-fiksje) ferskynd is. Yn in tal gearkomsten ha de fiif leden fan de kommisje in seleksje makke fan tolve boeken, dy’t foar de priis yn ’e beneaming komme.

Fan dizze tolve boeken, binne twa titels útjûn troch Bornmeer:

Jetske Bilker/ It libben fan in oar, 2012

Hylke Speerstra/ Op klompen troch de dessa, 2014

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Dit jier is it proaza oan bar. It giet om wurk útkommen yn de kalinderjierren 2011 oant en mei 2014.

Op 1 juny 2015 komt de kommisje mei in rige fan trije boeken, dy’t dan noch kâns op de priis ha. Dêrnei stjoert de kommisje in advys nei Deputearre Steaten fan Fryslân, sadat op it Boekefeest fan 11 septimber de winner bekind makke wurde kin. Op 10 oktober sil de Gysbert Japicxpriis 2015 útrikt wurde yn Boalsert.