0

Geen producten in je winkelmand.

‘Feteranen’: no yn de teaters!

Op sneon 21 maart is ‘Feteranen’ yn Drachten yn premjêre gien. It is de twadde foarstelling fan Stichting Pier21, bekend fan ‘De Emigrant’. Freark Smink en Joop Wittermans spylje de feteranen yn dizze nije foarstelling, dy’t skreaun is troch Bouke Oldenhof en regissearre wurdt troch Jos Thie. It stik is mei ynspirearre troch Hylke Speerstra’s ‘Op klompen troch de dessa’.

image-2015-03-26

‘Feteranen’ fertelt it ferhaal fan twa âlde feteranen dy’t altyd fochten ha foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch?

‘Feteranen’ is in Frysktalige foarstelling wêryn hilariteit en brekberheid, en werkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje. De foarstelling is noch oant en mei maaie te sjen op ferskate plakken yn Fryslân. Foar spyldata en kaartferkeapynformaasje: www.pier21.nl

9789056153359.jpg