0

Geen producten in je winkelmand.

Nij printeboek by Bornmeer

FiversburchBy Bornmeer ferskynt it nije printeboek Speurnoazen yn Park Fiversburch. It boek sil op 1 juny presinteare wurde yn doarpshûs Yn’e Mande yn Tytsjerk, tsjinoer Park Fiversburch.

Skriuwster Astrid Kuiper sil it earste eksimplaar oanbiede oan Theunis Piersma. Piersma is foarsitter fan de stifting Op Toutenburg, dy’t it Park Fiversburch beheart.

Yn Speurnoazen yn Park Fiversburch belibje haadpersoanen Saar en har broerke Kick spannende aventoeren yn Park Fiversburch. De prachtige yllustraasjes fan Monique Beijer meitsje it ferhaal noch byldzjender.

Op in nacht skrikke Kick en Saar wekker fan frjemde lûden en inge kriten. De lûden komme út it âlde park fan Filla Fiversburch. As echte speurnoazen geane sy op ûndersyk út… Wat bart der nachts allegear yn it park?