0

Geen producten in je winkelmand.

Omset Bornmeer nei rekord yn 2014

Utjouwerij Bornmeer yn De Gordyk hat it bêste jier hân yn syn histoarje. De omset gie omheech mei rûchwei 60% yn 2014. Njonken de súksessen fan de streektaal Nijntjes (yn 2014 sa’n 45.000 eksimplaren ferkocht) wienen dêr wichtige produksjes lykas it trijedielige ‘Fries Goud en Zilver’, it boek fan Sytse ten Hoeve oer de Nicolaastjerke fan Nijlân, ‘Fristho ‘vooruitstrevende meubelen’ 1921-1978’ fan Bert Looper, it okkerwyks ferskynde boek ‘Pjutten en Beukers’ en fansels ‘Oranjekoek’ fan Tryntsje Nauta dêr’t it NOS Journaal in item oan bestege.

Bornmeer hat as spearpunten natuer, keunst en kultuer en ‘regio overschrijdende Friese non–fictie’ lykas ‘Terpen in Friesland’, wêrfan de ûnderwerpen wol Frysk binne mar likegoed fan Nederlânsk belang. Dêr sil Bornmeer de kommende jier op trochsette; der steane foar it nije jier al rûchwei tritich boeken op priemmen.

Opfallend is dat de Fryske boeken it by de útjouwerij goed dien hawwe. Fan ‘Op klompen troch de dessa’ fan Hylke Speerstra binne yn twa moanne tiid in lytse fiiftûzen ferkocht. Ek ‘Skriezemaaitiid’ fan Ysbrand Galama wie dit jier in sukses. ‘It Faderpaard’, in werprintinge fan fersen fan Tsjêbbe Hettinga rekke útferkocht, lykas ek ‘Sweltsjes fan Gaast’ fan Theunis Piersma en ‘Mearkes út ‘e Wâlden’ fan Dam Jaarsma, dêrt yn 2015 ek in Nederlânsktalige útjefte fan makke wurde sil.