De Goargels

Jochem Myjer

Wordt verwacht

Beschrijving

Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.

As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …

 

No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.

De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.

 

Jochem Myjer

is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. De Goargels is syn earste berneboek.

ISBN: 9789056158248. Auteur: Jochem Myjer Bindwijze: Gebonden Illustrator: Rick de Haas Pagina's: 136 Prijs: 16,99 Taal: Frysk Vertaler: Martsje de Jong Categorieën: , , .