Aanbieding!

De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo

Gjalt de Groot

17,50 15,00

Omschrijving

Luctor et Emergo. It is de namme fan it spultsje oan de Grêft, yn it wetterlân tusken Grou, Warten en Earnewâld. By it spultsje wie in binnenkrytsje fan 32 pûnsmiet en 24 pûnsmiet bûtlân. Dat bûtlân stie winterdeis ûnder wetter. Hjir wenne Gjalt de Groot as jonge. Yn dit boek fertelt er oer it hurde boerelibben yn it wetterlân, in wize fan buorkjen dy’t hûnderten jierren bestien hat en yn ‘e jierren fyftich ferdwûn is. Reade tried yn dit boek is de it aaisykjen. Rasferteller Gjalt de Groot lit sjen dat aaisykjen neat te krijen hat mei ‘eieren rapen’ mar alles mei histoarysk besef en leafde foar de natuer.

ISBN: 9789056152178. Bindwijze: Paperback Taal: Frysk Pagina's: 157 Auteur: Gjalt de Groot Categorieën: , , , , .