De treastfûgel

Hylke Speerstra

16,90

Uitverkocht

Omschrijving

Op ‘e nij bewurke en útwreide útjefte!
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út
Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en
kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se
Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in
swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De
ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen
út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as
oerwinner, de oare as ferliezer.
Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en
Dútslân, en kaam werom mei it hiele ferhaal. Mar hoe hertferskuorrend
de earmoede en ferskrikkingen bytiden ek wiene, Speerstra fertelt de
stoarje sa’t hy dat allinne mar kin: fol gefoel, humor en moederaasje.
Dat alles yn prachtich en lêsber Frysk. Dit boek ferskynde yn oanset as
Frysk boekewikegeskink 2011. Dizze twadde printinge is in troch de
skriuwer op ‘e nij bewurke en útwreide útjefte.

ISBN: 9789056152932. Auteur: Hylke Speerstra Pagina's: 208 Taal: Fries Bindwijze: Gebonden Categorieën: , , .