Under fearne goaden

Abe de Vries

15,00

Omschrijving

Yn Under fearne goaden giet Abe de Vries nei de râne. Oft it no de râne fan in parkeardek is yn Zaandam, dy fan Fryske en Noardwest-Europeeske kusten, de fierten fan Swarte See of Kabul yn Afghanistan: dizze poëzij is dy fan in ‘borderliner’, sa’t ien fan ‘e fersen it seit. Ut it perspektyf fan in balling wei, tekenet de dichter de ûndergong fan syn marginalisearre taal, mar fynt tagelyk yn dy taal it befrijende sjongen fan de leafde. It is dy yn it each rinnende draai, yn it hert fan ‘e bondel, dy’t Under fearne goaden makket ta in wurk dat de elegy foarby is: dizze poëzij sjocht in persoanlike problematyk fan tiid, taal en plak rjocht yn it gesicht, mar is perfoarst net dy fan in pessimist.. Mear noch as syn bekroande twadde bondel In waarm wek altyd is Under fearne goaden sawol nei de foarm as wat ynhâld oanbelanget in sterke ienheid. De fierhinne klassike toan en ‘kleur’ fan it wurk (mei op guon plakken ferwizings nei poëzij fan de Russyske dichter Joseph Brodsky) tsjutte op in beswarrend besykjen ta poëtyske restauraasje en renessânse tagelyk. Dêrby wurdt de biografy fan ‘e dichter tekene yn lânskippen en op plakken dy’t, lykas yn syn eardere wurk, de motors binne fan syn gedichten. De frijheid en de poëtyske earmslach fan syn taal wurde him ynflústere troch de ôfearne goaden út de titel. Mei har kin de dichter it ‘amper pratende hâlde’, skriuwt er. Yn werklikheid hat Abe de Vries mei Under fearne goaden syn meast ynkringende wurk oan no ta ôflevere.

ISBN: 9789056151256. Bindwijze: Paperback Taal: Fries Pagina's: 73 Auteur: Abe de Vries Categorieën: , .