Fallend ljocht Gedichten
€ 15,00
Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen, en tagelyk fan in wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy’t spoaren neilieten, en de nammen dy’t him berikten yn
wite keferten. ‘De dood is reusachtig en onbegrijpelijk’, dichte Csezlaw Milosz yn syn Theologisch traktaat, dêr’t
Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.
Gerelateerde boeken
-
De Nova Scotia staazje
‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.Dit is de fiifde roman fan Ferdinand de Jong.
-
-